Conform de wetgeving bescherming van persoonsgegevens bieden wij jou ons Privacy & Cookie beleid aan. Dit beleid geldt voor alle services die wij als bedrijf verlenen.

OK

LimerickZ

Gepubliceerd op:

Limericks gemaakt door Stoffel Zandstra n.a.v. de SKS-wedstrijden in 2013.

Wâldsein wedstryd 2
Fan achterút mei ’n gang as in spoar
kôm er nei furren stowen
it naaide d’r út en ja sa doar
‘k noch wol yn winst te lowen

Wâldsein wedstryd 1
Bisto der yn ‘e start net by
dan kenst it wol ferjitte
dan wytst it wol: se solle dy
as earste hjoed net sjitte

Wâldsein
Gelukkich wer by d’ earste trije,
dat ken wat wurde moarn,
skerp yn ‘e start en reven snije;
kom op Johannes, soan

Starum:
Mei onderoan yn ’t klassement,
dat mut wol even wenne,
mar ‘k bin net yn myn element,
dat mut ik wol bekenne.

Ealahuzen:
Al twa kear 14 punten,
en sels de boel nog fyn.
Dat binne rare stunten,
dat hakt der aardich yn.

Langwar:
’t Wie hjoed net echt in silerij,
dat kin dus ek gebeure.
It hie mear fan in lotterij,
dus ja dan mar net seure.

Terherne:
De wyn dy wurket net echt mei,
it is mar suterich elke dei.
Kin it publyk ek roppe en raze,
en pûsters yn ‘e seilen blaze?

Earnewâld:
Net folle wyn yn Earnewâld,
mar krekt genôch foar it skûtsje.
Wer boppy yn en dat befâlt,
sa kin ik him wol tútsje.

De Feanhoop:
Op menje dus net oan ‘e bak,
it woe gewoan net waaie,
op ’t wetter wie it wol sa blak,
koest der wol fearren saaie.